Besite

Iduna is fêstige oan de Oliemolenstraat 16, 9203 ZN yn Drachten.

Betelje

Iduna wurket mei in cashless systeem. Dat betsjut datst by de bar mei de pin betelje kinst en dat der gjin muntautomaten binne. Hast noch Iduna konsumpsjemunten, dan binne dy noch hieltyd jildich en kinst der dyn drankjes mei ôfrekkenje. Allinnich kontant by dy? Freegje by de yngong om in passende oplossing.

Garderôbe

By de garderôbe kinst fergees dyn jas ophingje litte. Foar tassen hawwe wy klûskes, dy kostje 2 euro (brûk in muntsje fan 2 euro, dy kinst mei de pin keapje). As wy te krijen hawwe mei in útferkocht konsert sille der oan it begjin en oan de ein fan de jûn rigen ûntstean by de garderôbe. De rige omsile? Lit de jas yn de auto.

Tagonklikheid

By Iduna wolle wy dat elk út syn dak gean kin by in show of konsert. Dêrom sette wy ús yn om de tagonklikheid foar minsken mei in beheining te ferbetterjen.

Sitplakken
By de measte produksjes is in ferhege poadium (40 sm) mei stuollen foar dyjinge dy’t de hiele jûn stean net sitten sjogge. Ek by de oare produksjes regelje wy graach in kruk of stoel foar minsken dy’t min rinne kinne. Lit it ús witte by de kaartkontrôle by de yngong en wy losse it foar dy op.

Ynfalide-húske 
Iduna hat in rom ynfalidehúske foar ús gasten.

Rolstoellift
Wy binne op it stuit dwaande mei in mobile rolstoellift, dêr’tst mei op it ferhege poadium (40 sm, yn de grutte seal) komme kinst en folop fan de show genietsje kinst. Sadree’t dy lift regele is, melde wy dat hjir. 

Hast fragen of spesjale fersiken? Nim kontakt mei ús op fia info@iduna.nl. Wy hoopje dy gau te sjen!

Ferkeap merchandise

Om’t net alle bands in pinapparaat hawwe riede wy dy oan wat kontant jild mei te nimmen. Kontant jild opnimme is by ús net mooglik en jildautomaten binne spitigernôch ek yn Drachten mei útstjerren bedrige.

Iten

Soest yn ‘t foar wat ite wolle yn Drachten (of nei de tiid in fette hap), dan riede wy dy oan om nei de Noord- & Zuidkade ta te gean. Dêr binne, op rinôfstân fan Iduna, meardere restaurants te finen. Wy kinne jim de restaurants Nazareth, Mr James, Sondrio of Athina fan herte oanriede.

Taksy

Gean altyd feilich en ferantwurde nei hûs ta. Taksy nedich? Belje dan mei Taxi Frankes op 0512 461 173, Taxi Kijlstra op 0512 512 484 of Taxi Remko op 0512 750 750.

Ik kom mei de auto

Parkeare kin fergees oan de Leerlooierstraat yn Drachten, op 75 meter rinnen fan Iduna. Soe dat parkearterrein fol wêze, dan kin der ek parkeard wurde oan de Omloop (150 m), Moleneind Noordzijde (150 m) of byneed by VV Drachten oan de Gauke Boelensstraat (500 m).

Ik kom mei it iepenbier ferfier

Iduna leit op rinôfstân (10-15 minuten) fan it busstasjon oan it Van Knobelsdorffplein.

Oernachtsje

Foar oernachtingen ferwize wy dy graach nei Van der Valk Drachten, B&B Linstra, B&B Drachten, Stadslogement de Wolkeamer of Hotel-Restaurant Het Witte Huis.

Poppoadium
Drachten

Oliemolenstraat 16
9203 ZN Drachten
kontakt

Skriuw dy yn foar ús nijsbrief

fyFrysk
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram