Yn dizze ferklearring lizze wy út yn hoefier wy gegevens fan besikers sammelje, brûke en beskermje. Nim foar fragen of opmerkings kontakt mei ús op fia info@iduna.nl. Wy behâlde ús it rjocht foar om dizze privacy-ferklearring oan te passen.
Poppoadium Iduna ferwurket dyn persoansgegevens ast gebrûk makkest fan ús webside en/of ast dyn gegevens sels oan ús joust. Wy fine dyn privacy wichtich en lizze dy hjirûnder sa goed as mooglik út hoe’t wy dyn gegevens sammelje, brûke en beskermje. Us folsleine kontaktgegevens fynst op de kontaktside op dizze webside.
US DOEL: IN TAGONKLIKE WEBSIDE
Wy wolle in tagonklike webside biede, dy’t yn it ferlet en de ferwachtings fan de besiker foarsjocht. Dat bisto, dus! Wy hâlde ús dêrby oan de Europeeske privacywetjouwing, de algemiene feroardering gegevensbeskerming (AVG). Wy brûke dyn gegevens net sûnder dyn ynstimming om dy wat ta te stjoeren.
DE NIJSBRIEF
By it ynskriuwen foar de nijsbrief wurdt der om dyn namme en e-mailadres frege. Dy ynskriuwing bart fia de eksterne partij MailChimp, ast dy ynskriuwst fia ús webside. Mar kinst ek by it keapjen fan in kaartsje fia Stager oanjaan datst dy dêrfoar ynskriuwe wolst. Kinst ûnderoan elke e-mail in knop fine om dy út te skriuwen foar takomstige mails, ast dat wolst.
KAARTEN
Foar in goeie ôfhanneling fan in online oankeap binne mear gegevens nedich. Wy freegje dy om dyn namme, wenplak en e-mailadres. Dyn wenplak brûke wy foar ynsjoch yn wêr’t ús besikers weikomme en wurdt anonym ferwurke. De gegevens dy’tst yntypst by it beteljen wurde ôfskerme en befeilige troch de betellingsorganisaasje en binne foar ús net te sjen. Wy jouwe noait persoansgegevens oan tredden.
Do kinst dyn ynstellings sels beheare yn dyn Stager-akkount.
IT IS EK MOOGLIK EN KEAPJE KAARTEN SUNDER GEGEVENS ACHTER TE LITTEN
Wy fine it wichtich om de mooglikheid biede te kinnen om sûnder persoanlike gegevens op te jaan kaarten keapje te kinnen. Dêrom wurkje wy mei foarferkeappunten (Eatcounter de Drait en Fotoshop Bekkema) en boppedat is it mooglik om by Poppoadium Iduna sels ûnder kantoartiden of op de jûn fan it konsert kaarten te keapjen oan de kassa, as it net útferkocht is, fansels. Tink derom, wy kinne dy dan net ynformearje oer wizigings of ôfsizzings fan it programma.
GOOGLE ANALYTICS
Dizze webside makket gebrûk fan Google Analytics. Dat registrearret dyn sidegebrûk en slacht gegevens dêroer op foar in perioade fan 26 moannen. Wy brûke dy gegevens om besikerstatistiken oer ús webside yn te sjen en dêrmei ferbetterings trochfiere te kinnen. Dêrfoar hawwe wy in brûkersoerienkomst mei Google ôfsletten. De gegevens wurde befeilige en anonym ferwurke en wy diele fierder gjin gegevens mei Google. De Google Analytics-cookies wurde net brûkt yn kombinaasje mei oare tsjinsten fan Google, lykas DoubleClick en AdWords.
SOSJALE MEDIA
Op ús webside binne knoppen te finen dêr’tst siden mei diele kinst (of “tweete”) op de sosjale netwurken Facebook en Twitter. Dy knoppen wurkje mei stikjes koade dy’t fan Facebook en Twitter sels komme. Troch dy koade wurde cookies pleatst. Wy hawwe dêr gjin ynfloed op. Lês de privacyferklearrings fan Facebook en Twitter (dy’t regelmjittich feroarje kinne) om te lêzen wat sy mei dyn (persoans)gegevens, dy’t sy fia dy cookies ferwurkje, dogge.
OANGEAN
Mei it brûken fan dizze webside en it (online) oanskaffen fan kaarten joust oan datst ynstimst mei de oanbelangjende punten út dizze privacyferklearring fan Poppoadium Iduna.
RJOCHT OP YNSJEN EN KORREKSJE OP OF FUORTHELJEN FAN DYN GEGEVENS
Do hast it rjocht om te freegjen om dyn gegevens yn te sjen, te korrizjearjen of fuort te heljen. Nim dêrfoar kontakt mei ús op. Om misbrûk foar te kommen kinne wy dy dêrby freegje dy adekwaat te identifisearjen.