Húsregels

  • De Algemene Bezoekersvoorwaarden fan de by de Vereniging Nederlandse Poppodia en Festivals (VNPF) oansletten poadiums en festivals binne op Poppoadium Iduna fan tapassing.
  • Respekt foar oare besikers, Iduna-meiwurkers en it gebou is in eask.
  • Hâld rekken mei de buert en feroarsaakje gjin oerlêst op strjitte.
  • Elkenien fan 16 jier of âlder is wolkom. Jongere gasten moatte begelieding hawwe fan in folwoeksene (18+). By twifel kin der frege wurde om legitimaasje. Elke besiker moat in jildich yntreebewiis hawwe (útsein as it om in fergees tagonklik evenemint giet).
  • Wat hjirboppe stiet ferfalt sadree’t in minimale leeftiid oanjûn wurdt op de webside by it oanbelangjende evenemint. Yn dat gefal wurdt foar alle besikers de minimale leeftiid oanholden.
  • Earder kochte kaarten wurde net weromnommen.
  • (Hûs)bisten binne net tastien, útsein helphûnen.
  • Foar fotografy mei profesjonele kamera moat akkreditaasje oanfrege wurde, sûnder akkreditaasje is it net tastien om te fotografearjen. Wy jouwe akkreditaasje allinnich oan fotografen dy’t ferbûn binne oan (profesjonele) media.
  • Om gehoarskea foar te kommen wurdt oanrieden om eardoppen te brûken. Iduna hâldt him oan de wetlik fêststelde lûdsnoarmen en is net oanspraaklik foar it oprinnen fan eventuele gehoarskea. Gehoarbeskerming is te keap by de garderôbe.
  • It nuttigjen fan meinommen konsumpsjes is net tastien.
  • Smoke en vape binne net tastien.
  • It brûken fan alkohol ûnder de 18 is ferbean. Dêr wurdt op kontrolearre troch is oanwêzige personiel.
  • It by dy hawwen fan wapens is net tastien. Fine wy dy wol, dan wurde sy ynnommen en wurdst mooglik bûten set. Der kin ek kontakt mei de plysje opnommen wurde.
  • Hannel yn en it brûken fan soft- en harddrugs is net tastien. It hawwen fan harddrugs is net tastien, krekt as mear softdrugs as foar ien brûker geskikt is. It hawwen fan harddrugs of mear softdrugs as foar ien brûker kin liede ta ynbeslachnimming, útsetting út it gebou of it ynskeakeljen fan de plysje. Hannel yn soft- en harddrugs liedt ta útsetting út it gebou en it ynskeakeljen fan de plysje.
  • It yngean fan besletten romten sûnder útdruklike tastimming fan it personiel is net tastien.
  • Elk wurdt achte him te hâlden oan de oanwizings fan it personiel.
  • Mei opsetsin makke skea oan it pân, de ynboel of persoanen sil ferhelle wurde op de feroarsaker.
  • Iduna behâldt it rjocht om besikers te fûillearjen en de tagong te wegerjen, foar de feiligens fan elk.
  • Oanstjitjaand of net winsklik gedrach op watfoar wize ek kin liede ta it bûten setten fan de dieder.
  • Ferbliuwe yn Iduna is op eigen risiko. Mei it yngean fan it pân ferklearrest akkoart te gean mei de húsregels. By oertrêding dêrfan kin dy de tagong ta Iduna ûntsein wurde.
  • It brûken fan de garderôbe is fergees. Wat it gebrûk fan de garderôbe oanbelanget binne de Algemene Bezoekersvoorwaarden fan de Vereniging Nederlandse Poppodia en Festivals (VNPF) fan krêft.
“Net ús favorite gasten, mar ûnmisber foar in goeie sfear: ús húsregels”

Poppoadium
Drachten

Oliemolenstraat 16
9203 ZN Drachten
kontakt

Skriuw dy yn foar ús nijsbrief

fyFrysk
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram