Oer Iduna 

Iduna leveret al 40 jier in wichtige bydrage oan it kulturele klimaat en it sosjale wolwêzen fan minsken yn de gemeente Smellingerlân. Wat oait begûn as moetingsplak foar jongeren, is yn de rin fan de tiid útgroeid ta in folweardich, eigentiidsk en profesjoneel poppoadium. Iduna hat in grutte seal mei in kapasiteit fan 600 besikers, in lytse seal foar 125 besikers en in romme achtertún, gaadlik foar eveneminten. Gemiddeld organisearje wy twa, trije konserten de wike en jierliks ûntfange wy sa’n 25.000 gasten.

“Wy leauwe dat de belibbing fan popkultuer in bydrage leverje kin oan it wolwêzen en gelok fan minsken.”

Fan jongeresintrum nei poptimpel 
tot poptempel

Iduna waard yn 1983 oprjochte as in jongereinsintrum en ynformaasjepunt yn in pleats oan de Noorderdwarsstraat yn Drachten. It die tsjint as moetingsplak foar jongeren en bea stipe troch frijwilligers en meiwurkers dy’t harren ynsetten foar jongereinkwestjes. Yn dizze omjouwing waarden al gau lytse konserten organisearre, dêr’t jongeren en meiwurkers mei-inoar by gearwurken.

Oan ‘e ein fan de jierren 80 en it begjin fan de jierren 90 makken in protte jongeresintrums de oerstap nei profesjoneel poppoadium ta. Dat sette oan ta in fyn netwurk fan poadiums yn Nederlân. Ferskate stêden begriepen de wearde fan in folweardich poppoadium as oanfolling op de kulturele ynfrastruktuer en as publykslûker yn de regio. Dat soarge foar in flugge opkomst fan nijboupoadiums. 

Yn de iere jierren 90 ferhuze Iduna fanwegen lûdoerlêst nei de hjoeddeistige lokaasje, oan de Oliemolenstraat. De klam kaam mear te lizzen op it wêzen fan in poppoadium, wat soarge foar in stadige ferskowing fan jongereinwurk nei in profesjonele poadiumfunskje ta.

Yn it begjin fan de 21e iuw evoluearre Iduna nei in folweardich poppoadium mei in profesjonele organisaasje en wyklikse muzykprogrammearring en krige it de status fan ‘kearnpoadium’. Yn de lettere jierren 00 ûntstienen der fan Iduna út ek inkelde bûtenfestivals lykas Dencity, Popcity, Jûn fan Peije en In de Tuin.

In wichtich momint yn de skiednis fan Iduna is de renovaasje fan de grutte seal yn 2014, dêr’t it poadium fierder mei profesjonalisearre waard. De fernijing bestie út in grutter poadium, útwreide kapasiteit, 

ferbettere backstageromte en oanpaste akoestyk. Dêrtroch koe it programma-oanbod ferromme wurde en gruttere acts boekt wurde. Iduna stribbe nei in breder imago as tagonklik poadium mei ferskate sjenres.

De Covid-19-pandemy brocht ûnwissigens fan maart 2020 ôf, mei lockdowns, kapasiteitbeheinings en tagongsmaatregels. Pas yn maart 2022 waarden alle restriksjes opheft en de poadiums en festivals begûnen oan in faze fan betterjen. Yn 2022 hie Iduna in rekordoantal besikers, mei ferwachtings foar fierdere groei. Der waard ynvestearre yn in eigen high-tech lûdsysteem en it kafee waard transformearre ta in sfearfolle lytse seal om opkommend talint in poadium jaan te kinnen. Dit jier fiert Iduna it 40-jierrich jubileum mei in wiidweidich programma, nije hússtyl en in nije webside.

De krêft fan popkultuer

By Iduna leauwe wy yn de krêft fan popkultuer om it wolwêzen en gelok fan minsken te fergrutsjen. Wy biede in poadium foar útienrinnende acts en sjenres, ferbine minsken mei popkultuer en mei elkoar en stypje begjinnende artysten. Us muzykpersoanlikheid is eigenwiis, rebelsk, sosjaal en artistyk, mei in grut hert foar ús mienskip. 

Passy, aventoer en in bytsje rebelsk!

Iduna wurdt droegen troch pasjonearre frijwilligers en fakidioaten dy’t popkultuer omearmje. Popkultuer is foar ús mear as allinnich muzyk, dûns en strjitkeunst. It is in krêftige wize om gefoelens en ideeën ta utering te bringen. By Iduna biede wy in poadium oan popkultuer. In poadium om nei muzyk te harkjen en it te meitsjen. Wy ferrykje, foarmje en ynspirearje ús besikers. Wy ferbine minsken mei popkultuer en mei elkoar. Iduna is it plak dêr’t lykstimden gearkomme. Wy biede muzikanten en frijwilligers in plak om yn te groeien en te ûntwikkeljen. Yn ús folslein ynrjochte oefenromte litte begjinnende acts harren kenne as folweardige artysten. Wy wurkje gear mei basisskoallen en kulturele ynstellings om popkultuer te fersprieden. Wy organisearje eveneminten, fasilitearje romten en diele graach ús kennis.

Kolofon

Websideûntwerp
Sjoerd Kooistra - Dizian

Realisaasje
Saco Popma - Buro Klei

Fotocredits
Anneke Klungers
Deborah Jonker
Erwin Jonkman
Gerben Duijster
Marijke Helder
Wietske Elzinga
Ina Muntinga
Jess Wattimena

Wy sykje frijwilligers! 

Us frijwilligers binne de wiere helden fan Iduna. Sy beklaaie funksjes yn ûnder oaren de hoareka, hospitality, marketing, ljocht- en lûdstechnyk en garderôbe en soargje foar in gemoedlike sfear. Ek frijwilliger wurde?

Stjoer in mail

Poppoadium
Drachten

Oliemolenstraat 16
9203 ZN Drachten
kontakt

Skriuw dy yn foar ús nijsbrief

fyFrysk
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram