Fakatueres

Iduna is ít poppoadium fan Drachten en omkriten dêr’tst terjochte kinst foar de bêste konserten, festivals en geweldige eveneminten. Iduna hat in grutte seal mei in kapasiteit fan 600 persoanen, in lytse seal foar 125 persoanen en oefenromten. Wy biede in fariearre en oansprekkende programmearring yn eigen hûs én op ferskate lokaasjes yn Smellingerlân. Dêrneist binne wy in briedplak foar kreativiteit en nije goeie ideeën.

Fakatuere frijwilligers

Us frijwilligers binne de helden fan Iduna. Sûnder harren ynset soenen al dy moaie konserten en oare eveneminten net mooglik wêze. Wy kinne altyd nije frijwilligers brûke! Ast frijwilliger wurdst by Iduna kinst kieze út in bulte oan moaie baantsjes: kinst dyn talinten sprekke litte yn de hoareka, publisiteit, de keuken, fotografy, technyk en mear fan soks. En foar wat, heart wat: njonken foldwaning, gesellichheid en in poerbêst team dochst ûnderfining op en kinst nei de konserten yn Iduna ta!

Ynteresse?

Wolst mear ynformaasje hawwe of dy oanmelde as frijwilliger? Stjoer dan in mail. Jou dêryn oan watst graach dwaan wolst en wêrom, dyn leeftiid, wenplak en eventuele ûnderfining, dan hearst gau fan ús.

Stjoer in mail!

Poppoadium
Drachten

Oliemolenstraat 16
9203 ZN Drachten
kontakt

Skriuw dy yn foar ús nijsbrief

fyFrysk
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram