Kaartynfo

Dyn kaarten foar ús eveneminten keapest online fia Iduna of fia ien fan de foarferkeapadressen. Foar de ferkeap fan kaarten wurkje wy gear mei Stager. By Iduna dogge wy net oan reservearrings of wachtlisten. Foar it feilich trochferkeapjen fan kaarten wurkje wy gear mei TicketSwap.

Online kaarten keapje: fluch, handich en feilich
It keapjen fan kaarten foar ús produksjes is ienfâldiger as oait tanksij ús partnerskip mei Stager, ús betroubere kaarte-oanbieder. Nei oankeap krijst de kaarten fuortdaliks yn dyn mailboks. Bewarje dyn kaarten handich yn dyn Stager-akkount of download se nei dyn apparaat. By de yngong fan Iduna kinst derfoar kieze om dyn barkoade scanne te litten fan dyn telefoan of dyn útprinte kaart ôf. Elke barkoade is unyk, wat soarget foar in feilige en effisjinte tagongskontrôle.
Ynlogge
TicketSwap: feilich kaarten keapje en ferkeapje
De kâns mist om kaarten te krijen foar dyn favorite show? Of hast in kaart mar kinst ûnferwachts net hinne? Gjin soargen! Stager stipet TicketSwap. TicketSwap is in online platfoarm dêr’t kaarten feilich trochferkocht wurde kinne. Meitsje gebrûk fan de tsjinst en soargje derfoar dat dyn kaart yn goeie hannen komt.
TicketSwap

Ferkeapadressen

As it online kaarten keapjen net slagget of net dyn styl is, kinst terjochte by ús foarferkeapadressen yn Drachten:
Fotoshop Bekkema
Moleneind NZ 8
Drachten
T: 0512 – 52 62 75
Eatcounter De Drait
Eems 16
Drachten
T: 0512 – 520 541
Apen en Bieren Slijterij
Oosterstraat 22
Drachten
T: 0512 – 238006

Poppoadium
Drachten

Oliemolenstraat 16
9203 ZN Drachten
kontakt

Skriuw dy yn foar ús nijsbrief

fyFrysk
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram